Skip to main content

'Twatalige grammatika' by Fryske bern

Mei it ûnderstelde kognitive foardiel fan twataligens falt it oan 'e iene kant wol wat ta, sa docht bliken út promoasje-ûndersyk fan Evelyn Bosma, wylst twataligens oan 'e oare kant ek gjin negative ynfloed op de ûntwikkeling fan bern hat. Bosma promovearret moandei 2 oktober oan de Universiteit van Amsterdam en wie as promovendus oan de Fryske Akademy ferbûn. De promoasjeplechtichheid sil wêze yn in stedhûs fan Ljouwert.

Foar har ûndersyk hat Bosma by skoalbern fan 5 oant 8 jier trije jier efterinoar talige en kognitive testen ôfnommen. Dêrtroch koe se nije ferbannen sichtber meitsje yn de ynfloed dy't de kognitive ûntwikkeling en dy fan taal oer en wer opinoar hawwe.

Bosma har ûndersyk nuansearret de opfettingen oer de kognitive foardielen fan meartaligens. Ut har testen docht bliken, dat foaral jonge twatalige bern in lytse foarsprong yn it kognitive hawwe. Mar dy foarsprong is fan groep 3 ôf, wannear't se it lêzen en skriuwen leare, neat mear fan werom te finen. Bosma konkludearret dan ek, dat it mei it ûnderstelde kognitive foardiel fan twataligens wol wat tafalt, mar stelt ek dat der likemin sprake is fan in negative ynfloed fan twataligens op 'e ûntwikkeling fan bern.

‘Twatalige grammatika’

Al lit Bosma sjen, dat Frysk-Nederlânske twatalige bern gebrûk meitsje fan in ‘twatalige grammatika’. It Frysk en it Nederlânsk hawwe in hiele protte wurden dy't neffens foarm en betsjutting opinoar lykje, lykas 'hân' en 'hand' en 'amer' en 'emmer'. Foar guon fan dyn wurdpearen kin in regel formulearre wurde dêr't it Frysk mei nei it Nederlânsk om te setten is. Neist 'hân' en 'hand' hat men nammentlik ek pearen wurden as 'lân' en 'land' en 'strân' en 'strand'. Bosma lit sjen dat twatalige bern dy regelmjittichheden leare by it âlder wurden en dêrby gebrûk meitsje fan kognitive feardichheden dy't ek in rol spylje by it learen fan grammatika.

Mei har ûndersyk hat Bosma dit foarjier de earste Wetenschapsprijs Campus Fryslân wûn, in oanmoedigingspriis fan de Ryksuniversiteit Grins/Campus Fryslân foar jonge en aktive wittenskippers. Op 't heden wurket se as ûndersiker oan de Universiteit Leiden, binnen it AThEME-projekt, dat stúdzje makket fan meartalichheid yn Europa.

 

Promoasjedetails

E. Bosma: Bilingualism and Cognition: The Acquisition of Frisian and Dutch. Promotor is prof. dr. A.P. Versloot. Ko-promotors binne dr. W.B.T. Blom (Universiteit Utrecht) en dr. E. Hoekstra (Fryske Akademy). Lês hjir in gearfetting fan it proefskrift.

 

Tiid en plak

De promoasje sil wêze op moandei 2 oktober om 13.30 oere. Plak: Stedhûs, Hofplein 3, Ljouwert. Jo kinne je fia in opjefteformulier oanmelde.