Skip to main content

Undersyk nei Boalserter suvelskoalle

De Fryske Akademy sil ûndersyk dwaan nei de eardere Suvelskoalle yn Boalsert. Yn 'e mande mei Van Hall Larenstein, de hegeskoalle dêr’t de ferneamde Suvelskoalle yn 1996 yn opgie, wurdt it kommende jier de skiednis fan it ûnderwiisynstitút útdjippe.

Undersiker Ronald Plantinga (1988) sil ynterviews hâlde mei âld-learlingen en âld-dosinten fan de suvelskoalle. Dêrneist wurde der argiven rieplachte. It ûndersyk is part fan in bredere ûndersyksaginda dy’t útfierd wurdt ûnder lieding fan histoarikus Marijn Molema. Dêryn stiet de fraach sintraal wat Fryslân ta in suksesfolle regio foar de lânbou en de ferwurkjende yndustry makke hat. Molema: 'De kaai ta it Fryske suvelsukses leit yn it oanhâldend ûntwikkeljen en tapassen fan nije kennis. Dêrom is it de muoite wurdich om de rol fan de Boalserter suvelskoalle yn it ferhaal fan tichterby te ûndersykjen.'

In earste suvelfakskoalle sette yn 1989 út ein yn Boalsert. Nei de komst fan wat hjoed-de-dei Wageningen Universiteit hyt, wie de suvelskoalle de twadde ynstelling foar agrarysk heger ûnderwiis yn Nederlân. Lykwols waarden de lessen tsien jier nei de iepening beëinige. Yn 1904 kaam der in nije en moderne Rykssuvelskoalle yn Boalsert. Sawat de hiele tweintichste iuw hat dy suvelskoalle goed oplate arbeidskrêften ôflevere. Alumny fan de skoalle waarden 'suvelaars' neamd en hawwe in grutte bydrage levere oan de Nederlânske en Fryske suvelyndustry.

De skoalle hie in goede reputaasje, ûnder mear troch de hechte bannen mei it bedriuwslibben, wêrtroch de lesstof goed oansleat by it ferlet fan de wurkflier. Managers en fabryksdirekteuren wiene ree om te ynvestearjen yn kontakten mei de skoalle. Sicht op de relaasjes kin meihelpe by de opbou fan hjoeddeiske kennisnetwurken, dy’t passe by de kennisekonomy fan de 21ste iuw. De ûndernimmers, kennisynstellingen en oerheden dy’t dêr oan wurkje, kinne de skiednis brûke as foarbyld en boarne fan ynspiraasje.