Skip to main content

Dach fan ut Stadfrys

Op sneontemiddei 3 novimber 2018 wurdt yn 'e Frjentsjerter Martinitsjerke de “Dach fan ut Stadsfrys” organisearre. Stêdfrysk, of Stêdsk, wurdt praat yn sân Fryske stêden: Ljouwert, Snits, Starum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum. Op 'e Dach fan ut Stadsfrys wurdt yn in feestlike sfear it Stêdsk fan dy sân stêden 'fierd', mei muzyk, ynterviews, taalspultsjes, boeken en folle net genôch. Elk wa't Stêdsk praat oft der niget oan hat, is fan herten wolkom, en de tagong is fergees.

Op dizze middei sil Komissaris fan 'e Kening Arno Brok tagelyk it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan it nagelnije mearkesboek “Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys”, mei oersettingen fan 50 mearkes fan Grimm yn 'e 7 Stedfryske talen. De doarren fan 'e Martinitsjerke binne 14 oere iepen. De moarns is der op it Stêdhûs in sympoasium dêr't taal- en kultueramtners fan 'e sân Stedfryske stêden har tegearre mei taalwittenskippers oer it Stêdsk bûgje sille.

De 'Dach fan ut Stadsfrys' wurdt mede mogelek maakt deur: Taalburo Popkema, Leeuwarder Courant, Fryske Akademy, Minorities & Multilingualism (RuG), Nederlandse Taalunie, gemeente Waadhoeke, KH2018/Lân fan Taal, Provinsje Fryslân, Stichting Trezoor Franeker, Vrienden van de stad Franeker, Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers.