Skip to main content
De Lijempf (Leeuwarder IJs en Melkproducten Fabriek) om 1915 hinne, op it plak dêr't no de Leeuwarder Courant stiet. Foto: kolleksje HSL.

Suvelhaadstêd Ljouwert

Lêzing troch Marijn Molema

    Wannear: snein 3 febrewaris 2019, 14.00 oere
    Wêr: Histoarysk Sintrum Ljouwert, Grienewei 1, Ljouwert
    Tagong: fergees
    Fiertaal: Nederlânsk

 

Yn it ein ferline jier ferskynde boek ‘Zuivelfabrieken in Friesland’ set histoarikus Marijn Molema de komst en ûntjouwing fan de molkefabriken yn in bredere, maatskiplike kontekst. Yn dizze lêzing beheint Molema him ta de suvel yn Ljouwert. Weiwurden bedriuwsnammen as Lijempf, LMI, Frico en fansels de CCF oftewol ‘De Condens’ sille sûnder mis op ’e lappen komme.

Part fan it fertoande byld komt út de kolleksje fan Robert Visser, dy’t al goed tritich jier sammelet wat ek mar in bytsje te krijen hat mei molkefabriken yn Fryslân.