Skip to main content

Lêzing Nelleke IJssennagger, 'At home along different coasts', Universiteit fan Cardiff (FK)

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm FSA, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, is ien fan de sprekkers op it kongres 'East and West in Early Medieval Europe and Beyond; Papers in Honour of John Hines and Alan Lane.' De titel van IJssennaggers presintaasje is 'At home along different coasts: Cultural Historical perspectives on coastal dwellers in North-western Europe'. 

Dit kongres is organisearre troch de Universiteit fan Cardiff. Dizze konferinsje fiert de wichtige en langduorjende bydragen fan de ûndersikers John Hines en Alan Lane oan de iermidsiuwske stúdzjes oan de Universiteit fan Cardiff. Sprekkers, dat binne benammen freonen, meiwurkers en âld-studinten út hiel Ingelân en Europa, sille prate oer in rige tema's, wêrûnder materiële kultuer, literatuer, sintrale plakken, bewenning, grêfkultuer en lânskip.

Mear ynformaasje en it folsleine programma binne te finen op de Eventbrite-pagina