Skip to main content

Lêzing prof. dr. Naomi Ellemers, RuG/Campus Fryslân (Ljouwert)

'Hoe organisearrest in fruchtbere gearwurking? Ynteraksjes tusken persoanen en de macht fan de sitewaasje'

Op útnûging fan de Fryske Akademy, Studium Generale Leeuwarden en RuG/Campus Fryslân fertelt heechlearaar Naomi Ellemers (Universiteit Utrecht) op tongersdeitemoarn 1 septimber yn Ljouwert oer fruchtbere gearwurkings yn organisaasjes. Hoe soargest derfoar dat minsken produktyf binne en goed meiïnoar oparbeidzje? Jo kinne de lêzing fergees bywenje. 
 
De gedachte is faak dat it foaral wichtich is om minsken te selektearjen dy 't iverich, plichtsgetrou en koöperatyf binne. Dochs docht bliken dat dy persoanskenmerken lang net altyd de trochslach jouwe. Want op it wurk sjogge je dat kollega's inoar beynfloedzje en harren oanpasse oan alderhanne netskreaune regels. Om der by te hearren, dogge se dan miskien hiel wat oars as wat se sels fan doel wiene. Hoe losse je dat op? Naomi Ellemers lit sjen hoe ’t ’de macht fan de sitewaasje’ minsken op it wurk beynfloedet.

 

Oer Naomi Ellemers 

Naomi Ellemers is sûnt 2015 sosjaal- en organisaasjepsycholooch en heechlearaar by de Universiteit Utrecht. Hja is lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en korrespondearjend lid fan de Britske Akademy. Se krige ûnder mear de NWO-Spinoza Award. 
 
Mei-inoar libje en oparbeidzje 

Ellemers docht ûndersyk nei de wize wêrop’t minsken meiïnoar libje en gearwurkje yn groepen. Har spesjaliteiten binne: diversiteit & ynklusy en yntegriteit & etysk gedrach. Ut dat perspektyf wei bestudearret hja ûnderwerpen lykas diversiteit yn tiims en organisaasjes, wurkpaadûntwikkeling fan froulju en etnyske minderheden, motivaasje en commitment yn wurktiims, en etyske noarmen en moreel gedrach yn (profesjonele) groepen. 

Boeken 

De boeken Je werkt anders dan je denkt (2012) en De voorbeeldige organisatie; Van goede bedoelingen naar goed gedrag (2022, te ferskinen), binne fan de hân fan Naomi Ellemers. 

 

Datum lêzing: Tongersdei 1 septimber 2022 
Tiid: 11.00-12.15 oere (ynrin fan 10.30 oere ôf mei kofje) 
Plak:  RuG/Campus Fryslân, Wurdumerdyk 34, 8911 CE Ljouwert 
Fiertaal lêzing: Nederlânsk 
Organisaasje: Fryske Akademy, Studium Generale Leeuwarden, RuG/Campus Fryslân 
Opjefte (ferplicht): Fia dit FORMULIER