Skip to main content

Evenemint details

Workshop Midsiuwsk Frysk rjocht

Yn it ramt fan it Skiednisnetwurk organisearje de Fryske Akademy en it Drents Archief in gearkomste oer it ûntsluten fan de midsiuwske Fryske rjochtsmanuskripten yn 'e breedste sin. It belang fan it Aldfrysk rjocht is grut en beslacht dissiplines lykas taalkunde, juridyske skiednis en de midsiuwske skiednis fan 'e Fryske lannen.

Dêrneist binne de mooglikheden foar digitalisearring en ûntsluting sterk tanommen en ferbettere, sadat materiaal better beskikber steld wurde kin oan in breed en ynternasjonaal wittenskiplik publyk. Foar it earst sûnt tiden wurdt yn it ûndersyk de taalbarriêre tusken Frysk en Nedersaksysk (Nederdútsk) oerbrêge.

De spesifike reden foar dizze workshop is it yn it ramt fan dit projekt troch IT-bedriuw CGI opstelde advys "Historisch erfgoed. Samenwerking Fryske Akademy en Cartago", dêr't de mooglikheden foar gearwurking tusken de Taaldatabank fan 'e Fryske Akademy en it Digitale oarkondeboek fan Grinslân, Drinte en East-Fryslân Cartago ûndersocht binne.

Alle reden foar in workshop om oan dizze mooglikheden omtinken te jaan en de ûnderskate perspektiven te presintearjen.

De workshop (ynklusyf lunsj) is ornearre foar ûndersikers en foar eigners en beliedsmakkers fan it boarnemateriaal. It doel is dat yn 'e workshop ek neitocht wurdt oer behear en ûntjouwing fan it materiaal en mooglik ek harren finansiering.