Skip to main content

Letterkunde | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.

Op moandei 23 en tiisdei 24 april is der in dielkongres oer de stúdzje fan literatuer yn ‘e Fryslannen: de 2e Dagen fan ‘e Fryske Letterkunde. Opsjoneel sintraal tema: betochte identiteitsferhalen.

Lyts mar behindich en fol geheimnis, alsa is de Fryske literatuer, dy’t it meartalige/keunsttalige masterwurk it Oera Linda Boek oansette, de folkshumor fan de Halbertsma’s, de eksperiminten fan de eigenwize taalkeunstner Trinus Riemersma, de epyske poësij fan de bline bard Tsjêbbe Hettinga en folle net ge nôch. Kom en harkje of sprek op dit hearlike kongres!

  

Oprop foar lêzingfoarstellen

Lêzingen binne wolkom oer alle dielgebieten fan ‘e letterkunde. Gearfettingen foar lêzingen (maksimaal 500 wurden) moatte op syn lêst 8 desimber 2017 stjoerd wurde nei dr. Eric Hoekstra <FH-literature@fryske-akademy.nl>. De fiertaal fan it sympoasium sil yn de haadsaak Nederlânsk en Frysk wêze. Dochs is Ingelsk ek tastien. 

Download de oprop (Fryske ferzje) (Ingelske ferzje).

 

 

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Wichtige data

    • 8 desimber 2017: úterlik lêzingfoarstellen yntsjinje
    • 22 desimber 2017: berjocht fan akseptearjen
    • 23 o/m 26 april 2018: Conference on Frisian Humanities

       

      Kongreskommisje

      • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
      • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
      • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
      • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

       

      Kontakt