Skip to main content

Meartaligens | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.

Op woansdei 25 en tongersdei 26 april sil de klam op meartaligens lizze. It doel is om minsken dy’t har der beropsmjittich mei dwaande hâlde, beliedsmakkers en ûndersikers fan meartaligens byinoar te bringen. Dit part wurdt organisearre troch it Mercator Kennissintrum yn ’e mande mei de Afûk (Fryske taalbefoardering).

  

Utnûge sprekkers

Jim Cummins
University of Toronto
John EdwardsSt Francis Xavier University
Jasone CenozUniversity of the Basque Country
Yaron Matras
University of Manchester
Durk Gorter
University of the Basque Country
Itesh Sachdev
SOAS University of London
Daniel CunliffeUniversity of South Wales

 In konsept-programma ferskynt meikoarten.

Oprop foar lêzingfoarstellen

De deadline foar it yntsjinjen fan lêzingfoarstellen is ferrûn op 8 jannewaris. Dejingen dy't in lêzingfoarstel yntsjinne hawwe sille ynljochte wurde fan de beslissing fan it kongreskommitee op 22 jannewaris. De fiertaal fan it sympoasium sil yn ’e haadsaak Ingelsk wêze. Yn guon seksjes kin ek it Frysk en it Nederlânsk de fiertaal wêze.

Download de oprop (Fryske ferzje) (Ingelske ferzje)

   

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Wichtige data

    • 8 jannewaris 2018: ferlingde deadline foar yntsjinjen lêzingfoarstellen
    • 22 jannewaris 2018: berjocht fan akseptearjen
    • 23 o/m 26 april 2018: Conference on Frisian Humanities

       

      Kongreskommisje

      • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
      • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
      • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
      • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

       

      Kontakt