Skip to main content

Midsiuwsk Fryslân | 1st Conference on Frisian Humanities

De Fryske Akademy organisearret it earste Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (Conference on Frisian Humanities), yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, fan 23 o/m 26 april 2018, as ûnderdiel fan it projekt Lân fan taal fan Ljouwert - Fryslân 2018.

Op 23 en 24 april sil de klam op midsiuwsk Fryslân lizze, mear spesifyk op de neikommende trije tema's:

  • Midsiuwsk Fryslân 1000-1500
  • Rjochtskultuer yn Fryslân (midsiuwen, oant 1700) mei in fokus op de ynfloed fan Romeinsk en kanonysk rjocht yn Fryslân
  • Mytology fan de Fryske Frijheid

  

Oprop foar lêzingfoarstellen

Gearfettingen foar lêzingen (maksimaal 500 wurden) moatte op syn lêst 8 desimber 2017 stjoerd wurde nei dr. Han Nijdam <FH-medieval@fryske-akademy.nl>.

Download de oprop (Fryske ferzje) (Ingelske ferzje).

  

 

 

Ynskriuwe

De registraasje foar de konferinsje is no iepen: www.frisianhumanities.nl

Studinten kinne registrearje mei 50 persint koarting. By it ynskriuwjild foar it kongres is in middeisbrochje en kofje/tee yn it skoft ynbegrepen.

Konferinsjebesikers kinne tsjin in redusearre taryf hotels yn Ljouwert boeke en 15% koarting op in KLM-fleanticket krije fia de ynskriuwside.

 

 

Gewoane priis

Studinten

1 dei

€ 80,00

€ 40,00

2 dagen

€ 80,00

€ 40,00

3 dagen

€ 160,00

€ 80,00

4 dagen

 

€ 160,00

€ 80,00

 

Wichtige data

    • 8 desimber 2017: úterlik lêzingfoarstellen yntsjinje
    • 22 desimber 2017: berjocht fan akseptearjen
    • 23 o/m 26 april 2018: Conference on Frisian Humanities

       

      Kongreskommisje

      • drs. Cor van der Meer (foarsitter en sesje oer meartaligens)
      • dr. Eric Hoekstra (letterkunde)
      • dr. Han Nijdam (midsiuwsk Fryslân)
      • dr. Hans Van de Velde (taal en taalkunde)

       

      Kontakt