Skip to main content
    Datum en tiid: sneon 30 septimber 2017, 10.00-16.30 oere
    Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
    Tagong en opjefte: de tagong is fergees, mar opjefte yn it foar is wol needsaaklik. Dat kin fia dit opjefteformulier (Eventbrite).

 

Keizer Karel de Grutte soe de Friezen in frijheidsprivileezje jûn hawwe út tankberens foar de stipe dy't hy fan har krigen hie by de striid om Rome. Yn 1417 krigen de Friezen de Roomsk-kening Sigismund safier dat hy dit ferhaal swart op wyt fêstlizze liet yn in oarkonde. Dêrmei krige it biedwurd 'Frysk en Frij' in offisjele status.

Der kin sein wurde, dat de oarkonde as befestiging fan frijheidsprinsipes betsjutting hat foar hjoeddeiske ûntjouwings. De folken fan ’e Europeeske naasjesteaten, en ek Europa sels, sykje om in nije ynhâld en nije foarmen fan demokrasy. Kin it alâlde idee fan frijheid foar persoanen en kollektiven nij libben ynblaasd wurde?

Is Europa in bondeling fan naasjes of fan regio’s? Is hjoed de dei in oparbeidzjen fan naasjes of regio’s op grûn fan lykweardigens mooglik, needsaaklik of krekt net winske? Hoe autonoom kinne regio’s yn Europa en yn in naasje wêze?

Ynspyljend op dy fragen wurdt by Tresoar it sympoasium ‘Fryske Frijheid yn in hjoeddeisk Europeesk ramt’ hâlden.

 

 

Programma

It programma is foarearst noch ûnder foarbehâld.

10.00Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
10.30

Lêzingen troch:

Oebele Vries (Fryske Akademy)

Hans Cools (Fryske Akademy/KU Leuven)

Jelte Olthof (Rijksuniversiteit Groningen)

12.30

Lunsj

13.30

Lêzingen troch:

Barbara Baarsma (Universiteit van Amsterdam/SER)

Peter Vandermeersch (haadredakteur NRC Handelsblad)

Johannes Kramer (deputearre Provinsje Fryslân)
16.30Ofsluten mei oanslutend in buorrel (oant 18.00 oere)

 

 

It sympoasium is yn opdracht fan Provinsje Fryslân organisearre troch de Fryske Akademy, Thorbecke Academie voor Bestuurskunde en Tresoar. Yn de rin fan 2018 sil in boek ferskine mei in bewurking fan de lêzingen op dit sympoasium.