Skip to main content

It Biologysk Wurkferbân en de Nederlandse Ornithologische Unie organisearje op freed 19 maaie 2017 it sympoasium 'Ganzen: beheersen? beheren?' by Van Hall Larenstein yn Ljouwert.

 

 

Guozzen yn 'e Bathpolder. Foto: Frank Wagemans

It oerwinterjen fan guozzen yn Nederlân hâldt gâns minsken hieltyd wer dwaande. Yn 'e 70'er jierren waarden ûnderskate populaasjes yn har bestean bedrige. De beskermjende maatregels dy't doe nommen binne, hawwe it effekt hân dat derfan ferwachte waard. It sukses wie sels sa grut, dat der no geregeldwei klage wurdt dat der tefolle guozzen binne: se leverje tefolle skea op, meidat der tefolle op 'e ferkearde tiid op ferkearde plakken binne. De kosten nimme algeduerich ta, wylst it tal guozzen al in pear jier net mear tanimt. Wat is hjir te rêden?

Op dit sympoasium wurde de feiten oan 'e oarder steld. Tsien jier lyn organisearre de Nederlandse Ornithologische Unie in grut lanlik wittenskiplik kongres oer de problematyk fan de oerwinterjende guozzen. Wat is der yn 'e ôfrûne 10 jier feroare wat feiten en persepsje fan de oerwintering fan guozzen oangiet? Hoe moatte wy de kommende tiden omgean mei it oerwinterjen fan guozzen yn Nederlân? Hokker antwurden biedt de wittenskip ús anno 2017? Soksoartige fragen wurde op dit sympoasium op it aljemint brocht.

 

 

Programma

09.45Wolkom en iepenjen troch deifoarsitter Gerard van Klaveren
10.05Keynote talk Jesper Madsen (University of Aarhus): Population developments in geese worldwide - driving forces (Untjouwingen yn de populaasje fan guozzen oer de hiele wrâld - de driuwende krêften derefter)
10.35

Julia Stahl & Kees Koffijberg (SOVON): Veranderingen in aantallen en verspreiding in de overwinterende ganzenpopulaties in Nederland in de afgelopen 10 jaar (Feroaringen yn tallen en fersprieding fan oerwinterjende guozzen yn Nederlân yn de ôfrûne 10 jier)

11.05Kofjeskoft
11.35keynote talk Josée Lefebvre (Canadian Wildlife Service): Managing Greater Show Geese (Management fan de gruttere snieguozzen) 
12.15Henk van der Jeugd (NIOO): Populatiedynamica Nederlandse ganzenpopulaties en draagkracht Nederlandse wintersituatie (Populaasjedynamyk yn 'e yn Nederlân oerwinterjende guozzepopulaasjes yn relaasje ta de draachkrêft fan de Nederlânske oerwinteringsgebieten)
12.45Lunsj
13.45

Bart Nolet (NIOO): Afschot en verstoring van trekkende ganzen en het waterbedeffect (It ôfsjitten en fersteuren fan trekkende guozzen en it wetterbêdeffekt)

14.15

Ralph Buij (WER): Ganzen in de landbouwpraktijk (Guozzen yn 'e lânboupraktyk)

14.45Teeskoft
15.05Jesper Madsen (University of Aarhus): Managing geese populatoins: the flyway approach and the African-Eurasian Waterbird Agreement (AEWA) (Guozzepopulaasjes beheare: de flyway-oanpak en it Afrikaansk-Euraziatysk Wetterfûgelakkoart (AEWA))
15.35

Dick Melman (WER): De oogst van de dag: 'boodschappen voor thuis' en geleerde lessen. Wat hebben we geleerd? Welke boodschappen zijn belangrijk bij de besluitvorming? Wat werkt en wat werkt niet? (De opbringst fan dizze dei: 'in boadskip foar thús' en de lessen dy't wy leard hawwe. Hokker boadskippen binne fan belang by de beslútfoarming? Wat wurket en wat wurket net?)

16.15

Foarum: Lêste fragen en antwurden

16.45Sluten en neipetear by in hapke en in drankje
17.30Ein