Skip to main content

Byld: Erik en Petra Hesmerg/Fries Museum

Professor Ian Wood jout op tongersdeitejûn 13 septimber 2018 in publykslêzing yn Tresoar. Ian Wood is professor iermidsiuwske skiednis oan 'e Universiteit fan Leeds (Ingelân). Hy is in ferneamd wittenskipper op it mêd fan iermidsiuwsk Europa en publisearre ûnderskate boeken, dêrûnder it priiswinnende boek Fragments of History: Rethinking the Ruthwell and Bewcastle Monuments.

Syn wurk rjochtet him ûnder oaren op 'e oergong fan 'e Romeinske perioade ta de Iere Midsiuwen, de barbaarske ynfallen, kulturele oerlevering, de kerstening fan Europa en de aktiviteiten fan misjonarissen, Angelsaksyske skulptuer en skiedskriuwing fan 'e Franken.

Yn dizze lêzing sil Ian Wood foar ien kear spesifyk yngean op 'e skiednis, skiedskriuwing en de antropology fan 'e iermidsiuwske Friezen. Hy sil ek yngean op 'e ideeën en ûnderfiningen fan 'e rige sympoasia 'Historical Archaeoethnology', dy't goed 25 jier bestiet. De lêzing is Ingelsktalich.

    History, historiography and anthropology: the case of the Frisians
    Wannear: tongersdei 13 septimber 2018, 19.00 oere
    Wêr: Tresoar (Gysbert Japicxseal), Bûterhoeke 1, Ljouwert
    Tagong is fergees
    Oanmelde kin fia it mailadres baly@fryske-akademy.nl (graach oanjaan wannear't jo mei mear persoanen komme)

 

 

Historical Archaeoethnology of the Early Medieval Frisians

De publykslêzing is part fan in grutter sympoasium dat fan 11 oant 14 septimber 2018 holden wurdt yn it Fries Museum. Op dat besletten sympoasium komt in tal nasjonale en ynternasjonale saakkundigen by inoar om har te bûgen oer it fraachstik fan 'e kultuer en identiteit fan 'e iermidsiuwske Friezen.

De resultaten wurde publisearre yn 'e rige Studies in Historical Archaeoethnology, dy't sûnt 1995 útjûn wurdt troch Boydell & Brewer (Woodbridge, Suffolk, Ingelân).

    Wannear: tiisdei 11 oant 'e mei freed 14 septimber 2018
    Wêr: Fries Museum, Ljouwert
    Organisaasje: Prof.dr. John Hines (Cardiff University); Dr. Nelleke IJssennagger (National Trust); Dr. Han Nijdam (Fryske Akademy)
    Sponsors: Koninklijk Fries Genootschap; Fries Museum; Tresoar; Cardiff University; Tresoar; Society for the Study of Medieval Languages and Literature
    Dielnimmers: Robert Flierman (Universiteit Utrecht), John Hines (Cardiff University), Nelleke IJssennagger (National Trust), Egge Knol (Groninger Museum), Gilles de Langen (Fryske Akademy, provinsje Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen), Tineke Looijenga (Rijksuniversiteit Groningen), Bente Majchczack (Niedersächsisches Institut für historische Küstenforschung), Johan Nicolay (Rijksuniversiteit Groningen), Annet Nieuwhof (Rijksuniversiteit Groningen), Han Nijdam (Fryske Akademy), Arjen Versloot (Universiteit van Amsterdam), Ian Wood (Leeds University)