Skip to main content

Presintaasje Groat Amelander Woa'deboek

Op 15 novimber sil om 19.30 oere yn 'e Burgemeester Walda Scholengemeenschap yn Nes it Groat Amelander Woa'deboek presintearre wurde. De jûn wurdt organisearre troch de Amelanner kultuerhistoaryske stifting De Ouwe Pôlle. Under oaren sil taalkundige Siebren Dyk fan 'e Fryske Akademy wat oer de skaaimerken fan it Amelanner dialekt fertelle. Nei it offisjele part folget noch in presintaasje fan klasse 4 en in koarte foarstelling fan teaterselskip Sameland.

De tagong is frij, jo binne fan herten wolkom! Op 'e jûn is it nije Groat Amelander Woa'deboek fansels te keap. 

 

Programma

  • Kenmerken en achtergroanen fan ut Amelands. Ko'tte inleiding deur Siebren Dyk
  • Theater Sameland met sketches in ut Amelands
  • Klas 4 en ut Amelands (projektpresintasie)
  • Pauze (fersorchd deur klas 4)
  • Presintasie fan ut woa'deboek en anbiëding fan de ea'ste eksimplaren an Thea Oud-de Jong, weduwe fan samensteller Anton Oud, en an burgemeester Albert de Hoop