Skip to main content

Mercator-sympoasium

The Effects of Migration on the Position of Minority Languages

    Datum en tiid: freed 11 novimber 2016 | 10.15-17.00
    Plak: De Koperen Tún, Prinsetún 1, Ljouwert
    Dielnimmen is fergees en ynklusyf lunsj, mar registraasje is ferplichte fia: online formulier (registraasje kin oant 4 novimber 2016)
    Kontaktpersoan organisaasje: Jorrit Huizinga

In tema dat de lêste jierren hieltyd wichtiger wurden is, is de ferhâlding tusken migraasje en migrantetalen oan ’e iene kant en regionale en minderheidstalen oan ’e oare kant. Foaral yn it ljocht fan ’e hjoeddeiske flechtlingekrisis is dit in hot topic wurden, net yn it minst foar harren dy’t har dwaande hâlde mei ûnderwiis yn minderheidstalen. Op dit sympoasium foar saakkundigen en minsken út ’e praktyk hopet it kennissintrum foar meartaligens en taal learen Mercator Research Centre neier te beljochtsjen hoe’t migraasje de posysje fan minderheidstalen beynfloedet.

It is dúdlik dat in sterke ynstream fan minsken mei ferskillende eftergrûnen de maatskippij bot beynfloedzje kin. Ien fan ’e mêden dêr’t dit wis jildt, is it (tale)ûnderwiis. In taname fan it tal learlingen mei in frjemde memmetaal hat gefolgen: foar it karakter fan it ûnderwiis (lykas de karren dy’t makke wurde oangeande tiidsbesteging en yntinsiteit), mar bygelyks ek foar de dynamyk fan ’e klasse. De sitewaasje wurdt noch komplekser as der al sprake is fan twa- of trijetalich ûnderwiis. Dochs is it omtinken yn Fryslân foar dit soarte fan gefolgen noch mar beheind.

Op it sympoasium sille seis sprekkers, allegearre spesjalisten op it mêd fan meartaligens en omlizzende fraachstikken har eigen (ynternasjonale) perspektyf jaan op it probleem yn kwestje. Dêrnei sil tiid frijmakke wurde om mei-inoar te bepraten hoe’t de ynsjoggen tapast wurde kinne yn ’e Fryske sitewaasje. De útkomsten fan it sympoasium sille publisearre wurde.

 

 

Programma

10.15Ynrin, registraasje mei kofje/tee
10.45Iepening troch Cor van der Meer, koördinator Mercator Research Centre
11.00

Migration in sub-state territories with historical-linguistic minorities: main challenges and new perspectives
Roberta Medda-Windisch (European Academy, Bolzano)

11.45Multilingual education as asset and aim
Joana Duarte & Alex Riemersma (RuG/NHL)
12.30Lunsj
13.30The multilingual turn: integrated approaches towards dealing with diverse languages at school
Gabriela Meyer (University of Exeter)
14.15Learning about multilingual education from bilingual schools - Slovene and German as bridges in the eyes of pupils, parents and teachers
Judith Putkarthofer (University of Oslo)
15.00

How immigrant languages can benefit the learning of Irish: the case of Scoil Brhíde, Blanchardstown
David Little (Trinity College, Dublin)

15.45

Kofje/tee en diskusje: Wat kin Fryslân hjirfan leare?

16.45Ofsluting
17.00Buorrel

 

 

Registraasje

Registraasje is ferplichte fia dit online formulier. Registraasje kin oant 4 novimber 2016.