Erasmus-projekt OWL+ suksesfol ôfsletten mei minderheidstalenforum
Woansdei 6 novimber organisearre it tiim fan it OWL+-projekt har lêste evenemint “Forum foar edukaasje yn in minderheidstaal – it Frysk en oare minderheidstalen yn Europa” yn Ljouwert. OWL+ is in Erasmus+-projekt, dat him rjochtet op it bieden fan mooglikheden foar dosinten fan minderheidstalen om de lessen op in ynnovative wize yn te foljen.
Portugal, Noarwegen, Estlân en Letlân
Foar it evenemint kamen kollega’s fan de ferskate partnerorganisaasjes fan Portugal, Noarwegen, Estlân en Letlân út nei Fryslân. Der wiene ek in oantal minderheidstaaldosinten út dizze lannen oanwêzich.
Moarns fûn de lêste fysike partnermeeting plak op de Fryske Akademy. Hjirby waarden de resultaten fan it projekt besprutsen (sa as de Module, mei ynformaasje oer eltse minderheidstaal dy’t represintearre wurdt yn it projekt, en de Practical Guide, mei aktiviteiten dy’t yn eltse minderheidstaalkontekst yn de les brûkt wurde kinne) en waarden der ideeën opdien foar eventuele projekten yn de takomst.
Trije talen op skoalle
Middeis waard der in evenemint organisearre yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Hjirby waard it projekt presintearre en de resultaten dield en útlein oan ynteressearen. De fiertalen wiene Ingelsk en Frysk. Neist de projektpartners wiene der ek dosinten Frysk, eksperts op it gebied fan edukaasje fan it Frysk en studinten (fan de PABO en de Master Multilingualism) oanwêzich.
Nei de presintaasje oer it projekt wie it wurd oan Michiel Veenstra, direkteur fan trijetalige skoalle ’t Holdersnêst yn De Harkema, en kollega Irene Beckeringh, native speaker Ingelsk op de skoalle. Sy fertelden oer harren ûnderfiningen mei it ûnderwiis yn trije talen (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) en de oanpak wêr’t de skoalle foar keazen hat. Harren presintaasje ûnderstreke de wichtige rol fan dosinten by it behâld fan (minderheids)talen.
Slagge evenemint
It evenemint waard ôfsletten mei in ynformele diskusje yn lytse groepkes, om de ferskate konteksten en perspektiven mei-inoar yn ynteraksje te bringen. Sa waard der praat oer de obstakels dy’t hja tsjinkomme kinne by it lesjaan yn in minderheidstaal (sa as tiid of jild), wat elkenien út in ynternasjonale gearwurking as dizze helje wol, en wêr’t se ferlet fan hawwe yn de takomst en hoe’t wy hjiroan bydrage kinne soenen. Hjir kamen hiel wichtige konklúzjes út dy’t meinommen wurde kinne foar de takomst.
Alles byinoar nommen wie dit in tige slagge evenemint, wêrmei’t it OWL+-projekt ôfsletten waard. Offisjeel rint it projekt noch krekt wat langer, om de lêste puntsjes op de i sette te kinnen, mar der kin al wol sprutsen wurde fan in súksesfol projekt mei moaie, brûkbere resultaten.