Side 3 fan 8.
dec
16 desimber 2019 - Krekt ferskynd is it 99ste nûmer fan it jierboek De Vrije Fries, dat yn trije essays weromsjocht op it Kulturele Haadstêdjier.
nov
28 novimber 2019 – KNAW Humanities Cluster en de Fryske Akademy sille oparbeidzje yn HisGIS. It giet om in gearwurking fan trije jier.
7 novimber 2019 – Ynterim-direkteur Smink is wiis mei it beslút fan de provinsje om de Akademy mei in miljoen euro ekstra te stypjen.
4 novimber 2019 - De Speakaboo-app foar logopedisten krijt in Fryske adaptaasje. Hjirmei wurdt ûndersyk dien nei klankferwerving by bern.
okt
21 oktober 2019 - It earste Beakennûmer fan 2019 bringt in rige artikels oer de betsjutting fan 'e 'Fryske frijheid' troch de iuwen hinne.
7 oktober 2019 - Sakrekt ferskynd yn ús literêre rige Minsken en Boeken is in blomlêzing út Waling Dykstra syn gedichten.
3 oktober 2019 – De lêste Economische Vitaliteitsscan makket de balâns op: de mienskip yn Noardeast-Fryslân is sawol kwetsber as kânsryk.
sep
30 septimber 2019 - Natuerynklusive lânbou hat in soad potinsje neffens de twadde Agri & Foodscan, mar der is noch in soad ûndúdlikens.
23 septimber 2019 - Okkerwyks is yn Parys in database foar lânbou- en plattelânsfilms lânsearre. Dêrûnder 24 films út it Frysk Film Argyf.
19 septimber 2019 - Beart Oosterhaven hat in nije 'moaie' Fryske Top 100 gearstald, opdroegen oan 'oertrûbadoer' Roel Slofstra.
16 septimber 2019 - Ald-senator Hindrik ten Hoeve is op Akademydei ta lid beneamd, lykas akteurspear Klaasje Postma en Freark Smink.
5 septimber 2019 - In Taskforce fan saakkundigen hat it provinsjebestjoer oanbefellingen dien oangeande de takomst fan de Fryske Akademy.
aug
26 augustus 2019 - Der komt in wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma. Liuwe Westra is as biograaf by it projekt behelle.
jul
5 july 2019 - Foar de nije Fryske hifker hat de Fryske Akademy in wurdlist mei mear as 450.000 wurden levere.
4 july 2019 - Tydskrift It Beaken bringt dizze moanne in twadde spesjaalnûmer oer Fryske literatuer.
jun
26 juny 2019 – Goed 250 dielnimmers út 34 ferskillende lannen binne fan de partij by it sympoasium oer taal en taalfariaasje ICLaVE|10.
12 juny 2019 - Goed 50 ynternasjonale wurdboekspesjalisten komme gear yn Ljouwert foar de histoarysk-leksikografyske konferinsje ICHLL-10.
mai
28 maaie 2019 – Jelske Dijkstra leit hjoed yn de Volkskrant út hoe't kompjûters mei it radio-argyf fan Omrop Fryslân 'code-switching' werkenne.
14 maaie 2019 – Fan 21 o/m 24 maaie prate wittenskippers en beliedsmakkers yn Ljouwert oer de útdagings en kânsen fan minderheidstalen.
6 maaie 2019 - Hans Van de Velde is mei yngong fan 1 maaie beneamd ta heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht foar ien dei wyks.
2 maaie 2019 - De 10de Dei fan de Fryske Taalkunde is op freed 25 oktober 2019. Wy roppe elk op om him of har oan te melden foar in lêzing.
apr
16 april 2019 – Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân.
15 april 2019 - Geregeldwei krije wy fragen oer de ynstallaasje en wurking fan ús staveringshifkers. Hjirby wat tips foar ús taalhelpprodukten.
1 april 2019 - Sakrekt ferskynd is in boek fan Meindert Schroor en Marijn Molema oer de Dútsk-Nederlândske migraasjeskiednis.
maa
29 maart 2019 - De earste eksimplaren binne oanbean oan Dirk Blom, boargemaster De Vries en kultuerdeputearre Poepjes.