Skip to main content

'Fryske edelsmid wie gjin keunstner'

‘It keunstnersimago fan Fryske edelsmidden út de gildetiid is in konstruksje út de njoggentjinde iuw, betocht en yn stân hâlden troch de Fryske kulturele elite, op basis fan romantyske, nasjonalistyske en oanprate minderweardichheidsgefoelens.’

Dat stelt Peter Schoen yn syn proefskrift Tussen hamer en aambeeld. Edelsmeden in Friesland tijdens de Gouden Eeuw, dêr’t er tongersdei 6 oktober by prof. dr. Hans Mol (Universiteit Leien/Fryske Akademy) op hopet te promovearjen.

Peter Schoen die wiidweidich argyfûndersyk nei de maatskiplike posysje fan de Fryske edelsmidden yn de Gouden Iuw. Yn de santjinde iuw kamen se yn swierrichheden troch in gearspyljen fan ekonomyske ûntwikkelingen en in stive monetêre polityk. Inkelde ferneamde edelsmidden út Boalsert en Ljouwert seagen doe in útwei yn it opsetten fan in hannelsnetwurk mei Amsterdamske juweliers. Yn syn proefskrift analysearre Schoen de konsekwinsjes dêrfan foar de eigenheid fan it Fryske sulver.

Uthingboerd
‘It byld dat om it Fryske sulver hinne kreëarre is, is in konstruksje út de njoggentjinde iuw’, seit Schoen. ‘Leden fan it Friesch Genootschap begûnen doe mei it sammeljen en beskriuwen fan oerlevere foarwerpen. Dy objekten waarden behannele as keunstwurken, wylst it eigentlik meastal om ambachtlik wurk gie. Grutte stikken lykas de Popta-skat binne sûnt it úthingboerd fan it Fryske sulver wurden, mar dat binne de útsûnderingen. It is sels mar de fraach oft soksoarte objekten troch Fryske edelsmidden makke binne. It moaiste oerbleaune Fryske pronksulver is faak troch katoliken makke en krekt fan dy groep minsken is no bekend wurden dat er yntinsyf mei Amsterdamske kollega’s hannele hat.’

Yn tsjinstelling ta wat hieltyd moaier opsnolke keunstkatalogy suggerearje, lit Schoen yn syn proefskrift sjen dat de edelsmidden fan Boalsert no just gjin keunstners wiene. ‘Sterker noch, de measten diene it sulversmeien der mar wat by.’ Dat fêstholden wurdt oan it keunstnersimago komt neffens Schoen trochdat it foaral keunsthistoarisy west hawwe dy’t oer Frysk sulver skreaune. ‘Hja bestudearren objekten, mar hawwe amper ûndersyk nei de minsken sels dien. Yn it Fryske sulver koe men dan noch wat de grandeur fan in weirekke ferline skine litte.’

Peter Schoen (It Hearrenfean, 1961) is bûtenpromovendus. Hy studearre skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins en wurke nei syn ôfstudearjen yn 1989 oant 1998 as edukatyf meiwurker en konservator fan it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean. Tsjintwurdich wurket er as dosint skiednis yn it fuortset ûnderwiis.