Skip to main content

HisGIS yn KNAW Humanities Cluster

KNAW Humanities Cluster en de Fryske Akademy sille oparbeidzje yn it HisGIS-projekt. It giet om in gearwurkingsferbân mei yngong fan 1 desimber 2019 foar in perioade fan trije jier.

Prof.dr. Hans Mol en Thomas Vermaut sille yn dy gearwurking it nije Geo-team foarmje yn de seksje Digital Infrastructure fan it KNAW Humanities Cluster.

Histoarikus Hans Mol en GIS-spesjalist Thomas Vermaut binne de driuwende krêften achter HisGIS. Vermaut komt yn tsjinst fan it KNAW Humanities Cluster en Mol wurdt detasjearre út de Fryske Akademy wei.

It nije Geo-team bout tools om geografyske foarmen, lykas lânsgrinzen en perselen út data te heljen, histoaryske kaarten makliker mei inoar te ferlykjen en nije data op ferskate wizen út te plúzjen. Troch it beskikber kommen fan nije datasets en de ûntjouwing fan nije technologyen binne de mooglikheden om data yn tiid en romte mei inoar te ferlykjen sûnder ein.

Gertjan Filarski, direkteur Digital Infrastructure fan it KNAW Humanities Cluster, is entûsjast oer de komst fan Mol en Vermaut. ‘Binnen de Geesteswetenschappen en Sociale Wetenschappen is een grote vraag naar een betrouwbare infrastructuur om data geografisch in kaart te brengen en te visualiseren. Hans en Thomas brengen een enorme hoeveelheid kennis en expertise mee. En met de komst van het HisGIS-project kunnen we op korte termijn ook nieuwe infrastructuur beschikbaar maken binnen CLARIAH PLUS en Time Machine.’

Histoaryske TomTom

It HisGIS-projekt keppelet histoaryske ynformaasje oan digitalisearre kaarten. His stiet foar histoarysk en GIS foar Geografysk Informaasjesysteem. In hiel lytse GIS is de TomTom, mar mei HisGIS kin men tiidsreizgjen troch it ferline fan Nederlân. It fûnemint foarmet it digitalisearre âldste kadaster, dat yn de Frânske tiid útein set is en yn 1832 yngie. It Napoleontyske kadaster kin sjoen wurde as de earste systematyske en folsleine ynventarisaasje fan grûn, besit en kapitaal.

De HisGIS-website is yn 2005 troch de Fryske Akademy lansearre en is organisearre per gewest en stêd. De measte provinsjes en in tal grutte stêden hat HisGIS al op perseelnivo yn kaart brocht. Op termyn moat it systeem hiel Nederlân omfiemje. Om’t alle bestannen frij beskikber binne of komme foar ûndersyk, wurde bygelyks ek de ûnderskate Time Machines in Nederlân mei HisGIS boud. De kaarten en Time Machines binne fia in publyksviewer ek foar algemien gebrûk ûntsletten op www.hisgis.nl.