Skip to main content

Lân fan Taal los mei konvenant

Freed 2 septimber ûndertekenen de gruttere Fryske taalynstânsjes it Taalkonvenant. It konvenant is in mearjierrige gearwurking om it Frysk en de meartaligens fan de provinsje op de kaart te setten. Lân fan Taal – it taalprogramma fan provinsje Fryslân as ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd 2018, is dizze dei echt begûn. 

Afûk, Fryske Akademy, Tresoar, Rijksuniversiteit Groningen, Historisch Centrum Leeuwarden, Omrop Fryslân en Tryater tekenje hjirmei foar de mienskippelike ynset foar Lân fan Taal, dat de besiker en Fries yn 2018 én dêrnei de taaldiversiteit fan Fryslân ûnderfine lit. In belangryk aspekt yn it kulturele jier. Ljouwert-Fryslân 2018 en de provinsje Fryslân sette derom ek har hantekening.

Deputearre Sietske Poepjes: "2018 moat in feest foar eltsenien tróch eltsenien wurde; sa mei-inoar de gearwurking op dit mêd oangean is tige wichtich. Lân fan Taal wurdt in wiidweidich programma. Alle partijen nimme harren eigen eftergrûn, kunde en ynset mei: hiel sterk."

De taalynstânsjes wurkje oan útienrinnende projekten foar 2018. Sa wurd yn ‘e Ljouwerter Prinsentún in talepaviljoen realisearre en sil de saneamde Taalkaravaan troch de provinsje gean. Der komt in tillefyzjereeks oer taalbelibbing troch Friezen om utens. Fanôf febrewaris wurdt der bouwt oan ‘e Taalekspo yn Ljouwert, ít bellibingssintrum foar taal yn Europa, dat ek nei 2018 bestean bliuwt.

Tosta festival
De ûndertekening fûn plak krekt foar de start fan it Tosta festival, tidens de Admiraliteitsdagen te Dokkum. It ynternasjonale Tosta, oer taaldiversiteit en mear, is ûnderdiel fan Lân fan Taal. It festival mei muziek, workshops en streekprodukten is oant en mei snein te belibjen op ‘e Merke yn Dokkum.