Skip to main content

Lieske Salverda wint Grut Frysk Diktee

Lieske Salverda fan Gytsjerk hat it Grut Frysk Diktee 2017 wûn. Fan de 35 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hiene, kaam Salverda mei 7,5 flaters as bêste út de bus. 

Sy wie út ‘e skroeven mei de útslach: “It ferbaast my. Ik fûn it makliker as oare kearen, mar wol lestich, want wat skriuwst mei in haadletter, en wat moat los of net? Mar ik bin der bliid mei. It wie in moai diktee, ien fan de bêste dy’t we oant no ta hân ha.”

De earste priis bestie út in ‘Gouden dakje’ en in pinne mei ynskripsje. Twadde wie de Akkrumse Agatha Hijlkema mei 8 flaters en op plak trije stiene trije minsken mei elk 8,5 flaters, Freerk Postmus fan Vollenhove, Grytsje Kingma fan Sint Jânsgea en de Earnewâldster Rikele Hollema.

De tekst fan Tet Rozendal, mei as titel ‘De Kening’, gong oer de leafde tusken minske en hynder. De ‘Kening’ is Jasper 366, it Fryske hynder dat earder dit jier it publyk by de hynstekeuring ‘proastich stappend’ fermakke. De dielnimmers oan it diktee hiene wol klauwen oan wurden as ‘wilewaarlich’  (stomme r), ‘skjintme’ (net mei ie, mar mei ji) en in sin as ‘Yn de leafde moat men der oan de hoasbannen ta troch brûze, dwers troch it gat fan ’e gevel’ (rûch, lossinnich en wyld libje en yn ien kear raak!) .

Bekende Friezen
De froulju diene it goed dit jier, want ek by de bekende Friezen wie it in frou dy’t wûn. Skriuwster Hilda Talsma makke mei 16 flaters it diktee it bêste en krige dêrfoar it ‘Laaien dakje’. Hilda har reaksje: “Ik hie it net tocht, want de nije staveringsregels wit ik noch net sa goed, mar ik bin der hiel bliid mei.” Fierder diene ek parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis, trûbadoer Frerik de Swetser, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, skûtsjetwaling Harmen en Sytze Brouwer, presintator Willem de Vries alias Willem Waldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven mei oan it diktee.

Foar de minsken dy’t harren net kwalifisearre hiene, of dy’t gewoan benijd wiene nei hoe’t it Frysk skriuwen har fergean soe, koe it diktee op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en fia de app folge wurde. Foar it earst koe der live meiskreaun wurde fia de website www.fryskdiktee.nl. Mar fansels koe ek – lykas de dielnimmers yn de Steateseal – mei pinne op papier meidien wurde  Wa’t it diktee nochris besjen of neilêze wol, kin it fine op www.fryskdiktee.nl.

De organisaasje fan it diktee lei yn hannen fan de Afûk, it Sintrum Meartaligens (Cedin), de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân. It diktee waard fan ’t jier foar de fyftjinde kear hâlden; yn 2018 is der wer in edysje.