Skip to main content

Promoasje Rombert Stapel yn Leien

Hjoed om 15.00 oere ferdigenet Rombert J. Stapel syn proefskrift The Late Fifteenth-Century Utrecht Chronicle of the Teutonic Order: Manuscripts, Sources, and Authorship yn it Akademygebou fan ’e Universiteit Leien.

Rombert Stapel (Hardenberg, 1983) studearre midsiuwske skiednis oan 'e Universiteit Leien. Yn 2008 begûn er mei syn promoasjeûndersyk oan 'e Fryske Akademy en 'e Universiteit Leien, ûnder promotorskip fan prof.dr. Hans Mol. Troch it bestudearjen fan 'e Uterter kronyk fan 'e Dútske Oarder, ek wol bekend as de ‘Jüngere Hochmeisterchronik’, hat Rombert Stapel besocht om it sirkulearjen fan (histoaryske) kennis yn it fermidden fan 'e Dútske Oarder oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw te ûndersykjen. Inkele desennia earder ferlear de oarder in pear grutte slaggen yn Prusen en wiene syn eardere heidenske fijannen kerstene.

It efterlizzende doel fan dizze stúdzje wie om ta in goed begryp te kommen fan it ynfieren fan 'e skiedskriuwingstradysje fan 'e Dútske Oarder yn 'e Lege Lannen, fier fuort fan 'e tradisjonele produksjesintra yn Prusen en Liiflân, en fan 'e gefolgen dy't dy feroaring fan lokaasje en 'e byhearrende feroaring fan perspektyf hân hawwe op 'e ynhâld en it doel fan soksoarte histoaryske produksje yn 'e oarder.

Ambisjeus projekt
Yn dit proefskrift hat Stapel fêststelle kinnen, dat de kronyk yn Utert skreaun waard, yn ûnderskate fazen tusken 1480 en 1491 en faaks yn 'e jierren dêrnei, troch de Utertske lânkommandant Johan van Drongelen en syn persoanlike sekretaris. It materiële produkt fan harren oparbeidzjen is in manuskript dat yn Wenen bewarre wurdt, en dat no klassifisearre wurde kin as in kopy fan 'e auteur.

Stapel lit yn syn proefskrift ek yn detail sjen hoe't de tekst opboud waard, en dat it de auteur(s) slagge om in brede seleksje fan boarnen te sammeljen – mei ynbegryp fan boarnen dy’t ôfkomstich wiene fan lokaasjes op hûnderten kilometers ôfstân fan ’e stêd Utert. Stapel is dêrom ta in better begryp kommen fan 'e spesifike omstannichheden dêr't de kronyk ûnder skreaun is, en 'e betingsten dy't it mooglik makken om sá'n ambisjeus projekt út te fieren.

Sûnt 2013 wurket Rombert Stapel as ûndersiker oan it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis (IISG) yn Amsterdam.

Gean nei: