Skip to main content

Akademylêzingen 2020-2021 geane oer

De nije rige Akademylêzingen dy't ynplend stie foar novimber 2020 en jannewaris/maart 2021 skoot troch. Om 't it wol wis is dat der yn novimber fanwege de koroanamaatregels gjin lêzingen hâlden wurde kinne foar alle dielnimmers, is besluten om it folsleine programma te annulearjen en troch te skowen nei it seizoen 2021/2022. It is spitich mar it is net oars.

Earst as der grien ljocht jûn wurdt om wer aktiviteiten te organisearjen lykas we dat wend wiene, sil de wurkgroep wer kontakt opnimme mei de sprekkers en in programma opstelle. Dat sil dan ek op ús website stean.

Lêzingen mei filmke
De lêzingen fan Pier Vellinga en Eline van der Beek, dy't foar maart 2020 op it programma stiene, wurde yn novimber fia in YouTube filmke op de website fan de Fryske Akademy pleatst. Hâld dêrfoar ús website yn de gaten.