Skip to main content

Artikel Simon Halink oer fikingen, Fryske identiteit en de 'noardifikaasje' fan it ferline

Fryske kening Redbad

'“Almost Like Family. Or Were They?” Vikings, Frisian Identity, and the Nordification of the Past.' Dat is de titel fan it nijste artikel fan Dr. Simon Halink, ûndersiker moderne kultuerskiednis en programma-koördinator by de Fryske Akademy. It stik is publisearre yn de spesjale edysje 'Medieval Scandinavian Studies Today: Whence, Whereto, Why' fan it ynternasjonale twamoanlikse tydskrift Humanities. Humanities is in peer-reviewed, iepen access tydskrift oer de betsjutting fan kulturele ekspresje en persepsjes sjoen troch ferskate ynterpretative linzen.

Yn it artikel bringt Halink it proses fan kulturele 'noardifikaasje' yn kaart fan de begjinfaze ôf yn de skriften fan Fryske Skandinavofilen oant de hjoeddeiske werwurdearring fan de Fryske skiednis yn de populêre kultuer en it publike diskours. Yn dizze kontekst sil spesjaal omtinken jûn wurde oan de resepsjeskiednis fan de heidenske kening Redbad (d. 719) en syn moderne transformaasje fan 'Gods fijân' oant bemind nasjonaal ikoan.

It artikel (yn it Ingelsk) is hjir te lêzen: 

Halink, Simon. 2022. "“Almost Like Family. Or Were They?” Vikings, Frisian Identity, and the Nordification of the Past". Humanities 11, no. 5: 125. https://doi.org/10.3390/h11050125