Skip to main content

Artikel Voeten, Heeringa en Van de Velde yn prestizjeus tydskrift JASA

Artikel Voeten, Heeringa en Van der Velde

Yn The Journal of the Acoustical Society of America (JASA), oer de hiele wrâld ien fan de meast prestizjeuze tydskriften oer akoestyk en fonetyk, stiet dizze moanne in artikel fan Fryske Akademyûndersikers Cesko Voeten, Wilbert Heeringa en Hans Van de Velde.

Om yn ûndersyk nei taalfariaasje de akoestyske mjittingen fan klinkers fan ferskate persoanen mei-inoar ferlykje te kinnen, moat derfoar soarge wurde dat fysike ferskillen tusken sprekkers gjin ynfloed hawwe op dy mjittingen. Tagelyk moatte taalkundige (lykas de ynfloed fan de neikommende bylûd), sosjale (lykas leeftyd) en geografyske ferskillen wol behâlden bliuwe. Wittenskippers hawwe dêrfoar de ôfrûne desennia ferskate statistyske metoaden ûntwikkele. Voeten, Heeringa en Van de Velde ferlykje yn harren artikel 'Normalization of nonlinearly time-dynamic vowels' sechstjin gongbere metoaden. Se litte sjen hokker metoaden oft de foarkar fertsjinje en sette útien dat de bêste kar diels gearhinget mei de krekte doelen fan de ûndersiker. Dy metoaden binne ek ynboud yn Visible Vowels, it softwarepakket foar klinkernormalisaasje en -fisualisaasje dat al inkelde jierren oan de Fryske Akademy ûntwikkele wurdt troch Wilbert Heeringa en Hans Van de Velde.

Mei dizze útkomsten kinne sy de takomstige analyzes fan fonetyske fariaasje yn it Frysk optimaal foarmjaan. Tagelyk biede sy ûndersikers út de hiele wrâld in paadwizer en ynstrumint foar it dwaan fan ûndersyk nei wurdlûdfariaasje.

Sûnt 1929 is The Journal of the Acoustical Society of America de wichtichste boarne fan teoretyske en eksperimintele ûndersyksresultaten op it brede ynterdissiplinêre gebiet fan lûd. It open-access-artikel 'Normalization of nonlinearly time-dynamic vowels' fan Cesko Voeten, Wilbert Heeringa, en Hans Van de Velde is publisearre yn it novimbernûmer (Volume 152, Issue 5) en is ek beskikber as pdf.

Dit ûndersyk is mei mooglik makke troch de ympulsbydrage fan de Provinsje Fryslân.