Skip to main content

B(l)oeiende Talen sykje frijwilligers

Foto's: Hindrik Sijens

Is taal ‘sis mar wier dyn ding’? Fynsto it moai om gasten út binnen- en bûtenlân te ûntfangen en se yn ‘e kunde te bringen mei de Fryske taal en kultuer? Dan binne wy op syk nei dy! De Fryske Akademy siket entûsjaste gasthearen en gastfrouwen foar de b(l)oeiende taalinisjativen yn de Akademytún! Dêrfoar stiet der in tinte yn de prachtige binnentún fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte yn it sintrum fan Ljouwert. It projekt makket ûnderdiel út fan Lân fan taal/Ljouwert-Fryslân 2018.

Yn de tinte is fan alles te belibjen: der binne lêzings en optredens fan dichters en muzikanten, der binne filmkes te sjen, mar der is ek in maraton-aksje foar it goede doel: besikers wurde útnûge om in stik út it Frysk Hânwurdboek foar te lêzen en harren dêrby sponsorje te litten of jild te donearjen. De opbringst giet nei Stichting Lezen & Schrijven (www.lezenenschrijven.nl), in inisjatyf fan H.K.H. Prinses Laurentien der Nederlanden.

Om mei te dwaan oan it wurdboekfoarlêzen kinne minsken harren yn ’t foar opjaan, mar spontaan meidwaan kin ek: behearsing fan de Fryske taal is net ferplichte. Fan it foarlêzen wurde audio-opnimmings makke, dy’t in weardefolle boarne foarmje foar de wittenskip. Mei dyn ynset helpsto dus net allinne de Stichting Lezen & Schrijven, mar ek it ûndersyk nei de Fryske taal!

Wolsto ús team fersterkje?

Wy binne op syk nei frijwilligers dy’t ús op de wurkdagen tusken 25 maaie en 22 septimber helpe wolle yn ús Tale-tinte, en wol fan 10.00-13.30 of fan 13.30-17.00 oere. It soe moai wêze asto in fêst deidiel yn de wike helpe kinst. It seit himsels dat alles yn oerlis regele wurdt. Dyn taken besteane út it ûntfangen fan gasten en foarlêzers, it betsjinjen fan de opnimmings-apparatuer fan it wurdboekfoarlêzen (ûnderfining dêrmei is net nedich) en it helpen by de administraasje fan it wurdboekfoarlêzen. Asto Frysk prate en ferstean kinst, is dat in pree!

Wy biede dy in noflike, ynternasjonale wurksfear yn ien fan de moaiste binnentunen fan de Fryske haadstêd. Dit wurk is in moaie gelegenheid om dyn netwurk út te wreidzjen, do kinst dielnimme oan ús sportive lunchaktiviteiten (folleybal, kuierjen) en  kofje, tee en sop steane altyd foar dy klear. En do krijst ek in ûtnûging foar de Tinte-Ofbrek-Buorrel yn septimber.

Liket dy dit wat ta? Mail dan no nei baly@fryske-akademy.nl. Dit e-mailadres kinsto ek brûke asto mear ynformaasje hawwe wolst oer dizze funksje. Sjoch ek op https://www.fryske-akademy.nl/lf2018. Wy hearre graach fan dy!