Skip to main content

Blog post oer de WikiWomen partnergearkomste yn Donostia

Fan 26 juny oant 1 july namen Fryske dosinten en dosintebegelieders - tegearre mei dosinten út Ierlân en Baskelân - diel oan in Wikipedia bootcamp. Dy wie organisearre yn it ramt fan it Erasmus+ project WikiWomen, dêr't (û.o.) ús Mercator Europeesk Kennissintrum partner yn is. Yn de bootcamp hawwe hja de feardichheden leard en it betrouwen krigen om thús harren learlingen (15 -18 jier) te stypjen yn harren (digitale) skriuwfeardigens, dy ’t de skoalbern aansens sels brûke kinne yn it ferrin fan dit projekt. Yn de maitiid fan 2023 (27-31 maart 2023) meie dizze jongeren nammentlik sels in Wikipedia bootcamp folgje yn Ierlân.

Ut namme fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, naam ús kollega Inge Heslinga diel oan de gearkomste. Oer dizze besite oan Donostia/ San Sebastian hat projektpartner Galder Gonzalez fan de Baskyske Wikipedia mienskip in nijsgjirrich blog skreaun. It is yn it Baskysk, automatysk oersette kin fia jo eigen browser.

Jo kinne it hjir lêze: http://wikimedia.eus/2022/07/wikiemakumeak-erasmus-programan-irakasleentzako-ikastaroa-egin-dugu/