Skip to main content

Boek oer in fearnsiuw Fryske suvel

Yn 1955 binne rûnom yn Fryslân noch de rikjende pipen fan lytse suvelfabrykjes te sjen. Withoe folle Friezen binne oan it wurk yn ien fan dy goed hûndert fabriken. Swier wurk is it: molkbussen tille, lade en losse; tsizen keare; flessen sjouwe, gauris mei in soad leven, stank of yn ’e hjitte.

Fiifentweintich jier letter binne der noch mar sa’n tritich suvelfabriken oer yn Fryslân. De molke wurdt mei in tankauto ophelle en ’e molkeûntfangst is folautomatysk. Hieltyd mear wurk wurdt troch masines dien. It wurk is lichter, mar freget mear kennis fan saken. It plattelân rekket syn molkfabriken kwyt, mar troch technologyske fernijing bliuwt de Fryske suvelsektor ynternasjonaal konkurrearjend.

Yn ’e rynsk yllustrearre útjefte Van melkrijder tot fabrieksdirecteur, dy't hjoed presintearre waard yn it Wommelser Tsiispakhús, fertelle âld-personielsleden, fan molkrider oant direkteur, oer de feroarings dy’t se yn harren wurk meimakke hawwe. It binne stik foar stik nijsgjirrige ferhalen oer ûnderskate libbens yn ’e suvel: in groepsportret fan in Fryske topsektor.

    Titel: Van melkrijder tot fabrieksdirecteur
    Útfiering: ynbûn, 160 siden tsjok
    ISBN: 978 9492 457 196
    Priis: € 22,50 / Te bestellen by CB en útjouwerij Het Nieuwe Kanaal (058 213 52 53)