Skip to main content

De Keltyske Simmer 2023: 100 jier Keltysk yn Utert

De Fryske Akademy is dit jier net it iennige ynstitút dat in jubileum fiert. Us kennispartners by de oplieding Keltyske Talen en Kultuer fan de Universiteit Utert meie yn 2023 mar leafst it hûndertjierrich bestean fiere! Fan herte lokwinske! Al sûnt 1923 wurdt dêr ûndersyk dien nei Keltyske talen en kultueren, eat dat te tankjen is oan heechlearaar Germanistyk, Anton Gerard van Hamel. Hy wie fêstbesletten dat de Keltistyk taheakke wurde moast oan syn learopdracht, omdat er fan miening wie dat talen net yn ôfsûndering bestudearre wurde kinne.

 

Feest

Om dit hûndertjierrich bestean feestlik te fieren, organisearret de fakgroep Keltistyk op 1 july it festival De Keltische Zomer (De Keltyske Simmer), grôtfol nijsgjirrige workshops, lêzingen, films, nije publikaasjes en muzikale ferrassingen. Op dizze wize kin elkenien op in leechdrompelige en dochs djipgeande wize yn 'e kunde komme mei de wrâld fan de keltistyk. Ek de Fryske Akademy draacht graach har stientsje by oan dit feestlike evenemint. Peter Alexander Kerkhof en Han Nijdam, ûndersikers by de Fryske Akademy, fersoargje by it festival in minykursus Aldfrysk. It hiele programma en alle praktyske ynformaasje is te finen op de webside fan De Keltische Zomer.

 

Oer De Keltische Zomer

De Keltische Zomer wurdt organisearre troch de oplieding Keltyske Talen en Kultuer fan de Universiteit Utrecht, yn gearwurking mei de Universiteitsbibliotheek Utrecht, de Stúdzjeferiening Asterix en de Stichting A. G. van Hamel voor Keltische Studies. Dizze stifting is oprjochte yn 1991 en hat as doel de (wittenskiplike) stúdzje fan de Keltyske talen en kultueren, yn it bysûnder yn Nederlân, te befoarderjen. Sy jout ûnder oare it online tydskrift Kelten út en beheart de ynternasjonaal wurdearre online bibliografy fan Keltisch Codecs. Fan 24-28 july 2023 organisearret de oplieding Keltyske Talen en Kultuer fan de Universiteit Utrecht ek noch The XVIIth International Congress of Celtic Studies.