Skip to main content

'De Winskhoed fan Fortunatus/ De Wenshoed van Fortunatus'

'De Winskhoed fan Fortunatus/ De Wenshoed van Fortunatus'

Foar it earst ferskynt de ferhalesyklus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ fan Waling Dijkstra (1821-1914) yn boekfoarm. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek ferskynt as trettjinde boek yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wurdt útjûn troch útjouwerij DeRyp. 

 

Boekpresintaasje

De presintaasje fan ‘De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus' is op 2 juny om 18:00 oere yn Spannum, yn oanrin nei de opfiering fan iepenloftspul 'Wat bisto leaflik' oer Waling Dijkstra (8-20 juny). It boek sil oanbean wurde oan mar leafst fjouwer Waling Dykstra's , te witten trije tonielspilers dy't yn it iepenloftspul Waling Dykstra spylje en ien 'echte' Waling Dykstra, in famyljelid fan de skriuwer Waling Dykstra.

 

Oer 'De Winskhoed fan Fortunatus / De Wenshoed van Fortunatus'

Waling Dykstra wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op syk gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket Japiks harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben. 

It boek is ynkoarten te keap fia Utjouwerij DeRyp yn Koudum en ek tidens de opfieringen fan it iepenloftspul yn Spannum.