Skip to main content

Dei fan de Fryske taalkunde op 6 oktober 2023 yn Ljouwert

Dei fan de Fryske taalkunde op 6 oktober 2023.

It Taalkundich Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde. Wolle jo ek in bydrage leverje?

Yn in lêzing kin oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre wurde, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen meie holden wurde yn alle talen dy't hearre ta de West-Germaanske taalfamylje. Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).

Wannear: freed 6 oktober 2023
Wêr: Fryske Akademy, Ljouwert

Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op 4 septimber – oer de mail in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân).

Mei de gewoane post kinne jo jo bydrage stjoere nei: 

Fryske Akademy
Eric Hoekstra, Taalkundich Wurkferbân,
Postbus 54,
8900 AB Ljouwert

Jo kinne de Call for Papers ek neilêze op de website fan LinguistList.