Skip to main content

Dictionaryportal.eu no ek yn it Frysk

It Europeesk Wurdboekportaal (dictionaryportal.eu) is no ek yn it Frysk beskikber. Dizze website befettet fan in hiel soad Europeeske talen op syn minst ien kwaliteitswurdboek.

Unyk is dat neist wurdboeken fan lânstalen lykas it Nederlânsk, ek minderheidstalen lykas it Skotsk-Gaelic, Frysk en Baskysk yn it portaal opnommen binne. Op it stuit stiet der foar it Frysk allinnich it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske Taal yn. It is de bedoeling om ek oare Fryske wurdboeken op te nimmen.

Alle wurdboeken yn de list binne op basis fan dúdlike kritearia útsocht troch saakkundige wurdboekmakkers fan it European Network of e-Lexicography, dêr’t de Fryske Akademy yn partisipearret. Der is ûnder oaren wurk dien troch Gerbrich de Jong en Hindrik Sijens. It portaal is ûntwikkele troch taaltechnolooch Michal Boleslav Měchura en ornearre foar wittenskippers, oersetters, taaldosinten en taalleafhawwers.

De Fryske interface fan it Europeesk Wurdboekportaal is hjir te finen: http://www.dictionaryportal.eu/fy.