Skip to main content

Draach in nij Akademylid foar

Op de Akademydei 2023 koe direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fjouwer nije leden ferwolkomje. Njonken har op de foto flnr: Jacob Fokkema, Sietske Poepjes, Wim Benes en Hinne Wagenaar. (foto: Marieke Balk)

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld, dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, fertsjinsten foar de Fryske kultuer, of in grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien.

Beneaming
Stipers en leden fan 'e Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Op Akademydei wurde nije leden beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy't by de beoardieling fan de foardracht stipe wurdt troch de beneamingskommisje.

Yntsjinje fan foardrachten
Foar in beneaming op de Akademydei yn 2024 (freed 13 septimber) moatte foardrachten op syn lêst op snein 31 maart 2024  yntsjinne wêze. Dat kin fia in formulier op de website.

As jo net wis binne oft immen op dit stuit al of net lid is fan de Fryske Akademy, kinne jo eventueel yn it foar neifraach dwaan by it sekretariaat.