Skip to main content

Dúmkes en Fryske flachjes by Europeesk talefestival yn Fietnam

Op sneon 12 novimber wie it European Day of Languages. De Europeeske ambassades yn Hanoi, Fietnam grepen dizze feestdei oan mei de organisaasje fan in grut talefestival mei koarte presintaasjes oer ferskate Europeeske talen yn it Goethe-instituut aldêr. Omdat it tema dit jier ‘valuing all languages’ wie hie de Nederlânske ambassade Jelske Dijkstra (Fryske Akademy/Mercator) en Phat Do (RUG/Campus Fryslân) útnûge om in lêzing te jaan oer it Frysk. 

Do, dy’t út Fietnam komt, hat yn syn eigen taal oer syn promoasje-ûndersyk by RUG/Campus Fryslân praat dêr’t er wurket oan in Fryske kompjûterstim. Hy fertelde oer de útdagings dy’t er tsjinkomt by it bouen fan in kompjûterstim foar in lytse taal lykas it Frysk, en hoe’t er dy útdagings oanpakt. Do einige mei in demonstraasje fan syn stim sa’t dy op dit momint klinkt (de stim is noch net út ûntwikkele) mei Fryske sinnen lykas ‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries’ en ‘It wie moai om inoar te treffen’. 

Dijkstra joech dêrnei in Ingelsktalige lêzing oer de Fryske taal en kultuer wêryn’t se it ûnder oaren hie oer de komôf fan dy bekende sin fan Grutte Pier. Fierder fertelde se oer de oerienkomsten fan de Fryske taal mei Ingelsk, Nederlânsk en Dútsk, gong yn op it tal minsken dat Frysk prate en ferstean kin, en fertelde oer typysk Fryske (simmer)sporten sa as keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen. 

Underwilens siet it publyk te genietsjen fan ymportearre dúmkes. Dijkstra hie nammentlik yn it foar in doas mei dúmkes, Fryske flachjes en promoasjemateriaal fan Fryske Akademy, RUG/Campus Fryslân, Afûk en de Provinsje Fryslân nei Hanoi ferstjoerd. It publyk yn de seal yn it Goethe-instituut fûn it allegear wakker nijsgjirrich.

European Day of Languages Vietnam