Skip to main content

Ekskurzje Genealogysk Wurkferbân: 'Skiednis fan de feanterij'

It Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret ekskurzjes en gearkomsten mei lêzings oer genealogy en heraldyk. De jierlikse ekskurzje fan it seizoen 2023/2024 stiet op 'e aginda foar sneon 16 septimber. Dan binne de ûndersikers te gast yn it iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets.

It Damshûs is in iepenloftmuseum dat de skiednis fan de feanterij sjen lit. Nij Beets wie it lêste sintrum dêr 't leechfean ferfeand waard. It museum lit de ynfloed sjen fan dizze ferfeaning op it lânskip en op de minsken. Der wurdt in byld jûn fan de wen- en wurkomstannichheden yn de perioade 1860-1920.

Dizze ekskurzje is in mienskiplik reiske fan it Genealogysk Wurkferbân en Afdeling Friesland fan de NGV. Alle leden binne fan herte wolkom. Mear ynformaasje oer opjefte foar dizze dei stiet yn de útnûging.

 

Oer it Genealogysk Wurkferbân

It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Hja hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten en jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. De ûndersikers dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje.

 

Gearkomsten 2023/2024

De earste reguliere gearkomsten fan it seizoen 2023/2024 binne op sneon 7 oktober, sneon 28 oktober en sneon 25 novimber. De gearkomsten fine plak yn Tresoar yn Ljouwert. Elkenien is wolkom, de tagong is fergees. Oare datums wurde letter bekend makke.