Skip to main content

Fairtradesertifikaat foar Fryske Akademy

De fertsjintwurdigers fan de tolve Fairtrade sertifisearre organisaasjes. (foto: Gemeente Ljouwert)

De Fryske Akademy koe begjin novimber in Fairtradesertifikaat yn ûntfangst nimme op it Ljouwerter Stêdhûs. Wethâlder Evert Stellingwerf (GrienLinks Ljouwert) rikte de sertifikaten njonken de Fryske Akademy út oan noch alve organisaasjes.

It sertifikaat wurdt útrikt oan organisaasjes dy’t bydrage oan ien of mear fan de santtjin Duorsume Untwikkelingsdoelen fan de Feriene Naasjes, ek wol Global Goals neamd. It giet om doelen dy’t helpe om earmoed en ûngelikens te ferminderjen en klimaatferoarings te wei te bringen.
Sa wurdt der by de Fryske Akademy ûnder mear Fairtrade kofje, tee en poeiermolke dronken. Boppedat wurdt der besocht minder ôffal efter te litten troch it werbrûken fan kofjebekers. Dêrneist wurdt de skjinmaak dien mei miljeufreonliker middels as faak wenst is.

Joop Petter, MT-lid: “Earlike hannel stiet foar earlike prizen foar produkten en omtinken foar de wrâld om ús hinne. Sûnder dizze hiele lytse stapkes is in duorsumer wrâld net mooglik. It is benammen in kwestje fan bewustwurden fan ús konsumpsjegedrach. De Akademy wol hjir graach syn bydrage oan leverje, hoe lyts oft dy dan yn it grutte gehiel ek mar is. Dit is ek fan belang foar de wrâld en takomstige generaasjes”.

Mei-inoar oparbeidzje
It foel de gemeente op hoe folle fan de sertifisearre organisaasjes al mei-inoar oparbeidzje. Dat helpt mei om de Duorsume Untwikkelingsdoelen te realisearjen. De oare organisaasjes dy’t sertifisearre waarden by de byienkomst op it Stêdhûs binne: it Fries Sociaal Planbureau, Stadshout Leeuwarden, The Bakery Leeuwarden, Omrin Estafette, Pottle, O3 Leeuwarden, Blooming Bakery, Salon Postma, Grou2030, Stichting Sociaal voor Elkaar en L.A.P. Atelier fan Fier.