Skip to main content

Fakatuere: Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam sykje ien promovendus

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak oan foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan Taalwittenskip, dan biede wy no in unike mooglikheid.

Troch de gearwurking fan FA en UvA krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal. Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift. Fjouwer mooglike ûndersyksprojekten binne te finen yn de projektbeskriuwing ‘The Remarkable Resilience of Frisian’ (taheakke oan de fakatuere), mar do meist ek mei in eigen projektútstel komme.

Alle ynformaasje oer de fakatuere, de funksje-easken en de sollisitaasjeproseduere fynst yn de fakatuere (FRL) / job description (ENG). Reagearje kin oant 19 desimber 2022. Sollisitaasjepetearen binne pland yn de earste wiken fan jannewaris 2023.