Skip to main content

Fakatuere: Taalkundige

Wy hawwe in fakatuere foar in Taalkundige! Foar 30,4-38 oeren wyks dochsto wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal en de leksikografy en leksikology. Do skriuwst ek artikels foar Fryske wurdboeken en soargest foar it ûnderhâlden, útwreidzjen en bewurkjen fan digitale taaldatabestannen en Frysker.

Wy sykje ien dy't in masteroplieding taal- en letterkunde, taalwittenskippen, of in oare relevante universitêre stúdzje mei de klam op taalkunde dien hat. It Frysk praten hast fan hûs út meikrigen en skriftlik behearkest it ek treflik. Do hast each foar detail, foar ferskillen tusken it Frysk en it Nederlânsk en foar feroaringen yn it Frysk. Kinst goed yn teamferbân wurkje en hast ideeën oer hoe 't Fryske taalprodukten foar de takomst der útsjen moatte soene. 

Mear ynformaasje en reagearje:

  • Lês hjir de folsleine (Frysktalige) fakatueretekst.
  • Sollisitearje kin oant moandei 4 maart oankommend.