Skip to main content

Fakatuere: ûndersyksmeiwurker

Hasto in universitêre of hbû oplieding op it mêd fan taal, meartaligens en/of ûnderwiis, dan hawwe wy in moaie baan foar dy as ûndersyksmeiwurker by ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen foar 30,4 oeren wyks.

Do wurkest mei oan ferskate projekten lykas it fergrutsjen fan de online sichtberens fan froulju út minderheidskultueren, of oan de oerdracht fan minderheidstalen en – kultueren, dêryn wurkest sawol regionaal as ynternasjonaal. Ek redigearrest yn ‘e mande mei ynternasjonale relaasjes Regionale Dossiers, dy’t de stân fan saken werjouwe fan in minderheidstaal yn it ûnderwiis. Fansels hasto tige goede redaksjonele feardichheid en ast ek kennis fan en affiniteit mei kultueredukaasje foar jongerein hast is dat alhiel moai!

Mear witte?
Sjoch hjir foar de folsleine fakatuere. Reagearje kin oant 25 maart 2023.