Skip to main content

Fan wittenskiplik ûndersyk nei berneprogramma by Het Klokhuis

Jierliks organisearret it berneprogramma Het Klokhuis in ferkiezing fan wittenskiplike ûndersiken dy't foar bern fan belang binne, De Klokhuis Wetenschapsprijs. 

Mei harren ûndersyk 'Hoe lêze twatalige bern yn Fryslân' wie de priis foarich jier foar taalwittenskipper Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en Naomi Nota. Se krigen in kwart fan alle stimmen dy 't bern útbrochten op harren favorite ûndersyk.

Nei oanlieding hjirfan hat Het Klokhuis in ôflevering makke oer twataligens. Dizze sil foar it earst fertoand wurde op woansdei 10 novimber ûnder de iepening fan it InScience Festival yn Nijmegen en is in wike letter, op woansdei 17 novimber, te sjen op 'e telefyzje.  Yn de ôflevering komme ferskillende bern oan it wurd dy't sels twatalich binne en fertelle Bosma en Nota oer harren ûndersyk nei twataligens by bern yn Fryslân.

Weromsjen kin op https://www.hetklokhuis.nl/tv-uitzending/4768/tweetaligheid