Skip to main content

Fenna Bergsma promovearre oan Johann Wolfgang Goethe-Universität (DE)

Dr. Fenna Bergsma

Us kollega Fenna Bergsma is no offisjeel promovearre oan de Johann Wolfgang Goethe-Universität yn Frankfurt am Main (Dútslân). Har proefskrift hie se op 17 desimber 2021 al suksesfol ferdigene, mar yn Dútslân mei ien de doktorstitel pas fiere op it momint dat it proefskrift publisearre is. Dat is no it gefal.

De Fryske Akademy lokwinsket dr. Bergsma fan herten mei dizze bysûndere prestaasje!

Bergsma's wittenskiplike ferhanneling 'Case competition in headless relatives' is útbrocht troch de Universitätsbibliothek Johann Christian Senckenberg en is fergees del te laden. It proefskrift giet oer hoe’t de ynterne struktuer fan in wurd de grammatikaliteit fan in sin beynfloedet. Se fergelike dêrfoar frije relatyfsinnen en relatyfpronomen út ferskillende talen mei inoar. 

 

Oer Fenna Bergsma

Sûnt 2021 wurket Fenna Bergsma (1991, Reduzum) by de Fryske Akademy as taalkundich ûndersiker en docht se ûndersyk nei Fryske morfology en syntaksis. Tusken 2020 en 2023 hat hja ek wurksum west as dosint oan de Universiteit fan Amsterdam op it mêd fan morfology en syntaksis.

Bergsma behelle yn 2013 har bachelordiploma Linguistics oan de Ryksuniversiteit yn Grins, yn 2015 har masterdiploma Linguistics oan de Universiteit fan Amsterdam en yn 2024 har doktoraatsdiploma oan de Johann Wolfgang Goethe-Universität.