Skip to main content

Fjouwer nije Akademyleden beneamd

Fryske Akademy ledespjeldsje

By de 84ste Akademydei fan freed 16 septimber 2022 binne fjouwer nije Akademyleden beneamd. Alle fjouwer op grûn fan harren grutte fertsjinsten foar de Fryske Kultuer: Martsje Miedema-Loonstra, drs. Lida Dykstra, Sake Pieter Roodbergen en Immie Jonkman. 

Martsje Miedema-Loonstra kaam nei de Kweekskoalle foar de klasse op ‘e Gordyk. Dat hold op doe’t se troude. Letter folge se ûnder oaren in kursus by de Afûk. Dy kursus waard in LO-akte en dêrnei MO-A. Dêrnei waard se ien fan de meast betûfte lesjouwers by de Afûk, mei in eigen spesjalisme: de pommerantekursussen. Yn Fryslân ûntstie lang om let in kultuer, dat jo hjir gjin liedingjaande funksje hawwe kinne as jo gjin war dogge om it Frysk aktyf te behearskjen. Martsje Miedema hat foar in foarnaam part bydroegen oan dy kultueromslach.  

drs. Lida Dykstra 
De karriêre fan Lida Dykstra begûn yn ‘e jierren ’80 as meiwurker fan ‘e Stifting Monumint fan ‘e Moanne en dêrnei as kurator fan it Jouster Museum. Letter begûn se mei it skriuwen. Har skriuwerskip krige in ekstra diminsje troch it feit dat se har skiedkundige en monumintale eftergrûn yn in protte boeken meispylje lit, benammen foar âldere bern. Alles mei alles hat Fryslân yn Lida Dykstra in ambassadeur fan mear as allinnich berneboeken. Hja bringt de skiednis, literatuer en kultuer fan de provinsje Fryslân by in grut publyk ûnder it omtinken, en dat docht hja mei tagonklike en fraai foarmjûne boeken fan hege kwaliteit dêr’t net allinnich bern, mar ek grutten har blik mei ferbreedzje en har wrâld mei ferrykje kinne.  

Sake Pieter Roodbergen 
Syn hiele libben lang hat Sake Roodbergen fassinearre west troch de natuer, yn en bûten Fryslân. Hy hat moai wat jierren learaar biology west yn Akkrum mar syn lanlike trochbraak kaam doe’t er yn 1987 frege waard yn `e Kommisje Beliedstarieding fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Fan 2004 ôf is Roodbergen aktyf behelle by it fêststellen fan tal fan offisjele nammelisten. Mei syn krewaerjen hat er ûnbidich bydroegen oan `e útbou fan it Frysk as taal fan wittenskip en belied. Hy hat in protte Friezen (nije) niget jûn oan `e Fryske nammen foar alles wat der om ús hinne libbet en it gebrûk fan dy Fryske nammen stimulearre.  
 
Immie Jonkman spilet al jierren in grutte rol by tal fan oansprekkende, provinsjebrede, kulturele eveneminten. Derby is hja ien fan ‘e minsken dy’t konsekwint yn `e pleit wie foar in Frysktalige ynfolling. Immie Jonkman hat dêr net allinnich each foar, mar jout dêr ek foarm oan op plakken dêr’t nije kultuer makke wurdt. Har ynset op dat mêd by de Slachtemaraton, it Oranjewâld Festival en Arcadia kinne wat dat oanbelanget net heech genôch wurdearre wurde.