Skip to main content

Foardrachten nije Akademyleden

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld, dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, fertsjinsten foar de Fryske kultuer, of in grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien.  

Beneaming 
Stipers en leden fan 'e Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Op Akademydei wurde nije leden beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy't by de beoardieling fan de foardracht stipe wurdt troch de beneamingskommisje. 

Foar in beneaming op de Akademydei yn septimber 2023  moatte foardrachten op syn lêst op tiisdei 31 jannewaris 2023 troch middel fan in brief/e-mail yntsjinne wêze. By de foardracht moat dúdlik motivearre wurde wêrom't de foardroegene it lidmaatskip fertsjinnet. At it heal kin, wolle wy ek graach de kontaktgegevens fan 'e foardroegene hawwe. Set jo eigen kontaktgegevens der ek by, want as de foardroegen kandidaat ta lid beneamd wurdt, wolle wy jo ek graach útnûgje. As jo net wis binne oft immen op dit stuit al of net lid is fan de Fryske Akademy, kinne jo eventueel yn it foar neifraach dwaan by it sekretariaat: direksjesekretariaat@fryske-akademy.nl.  

It foardrachtsbrief kinne jo stjoere nei: 

  • Fryske Akademy 
    Nije leden 
    Postbus 54 
    8900 AB Ljouwert/Leeuwarden 

Of fia e-mail nei it direksjesekretariaat@fryske-akademy.nl