Skip to main content

Fotoferslach fan de konferinsje 'Language protection in the EU'

De Coppieters Foundation organisearre yn juny in konferinsje yn Bastia, Korsika, mei as doel it debat te stimulearjen troch konsepten te herformulearjen en bêste praktiken foar minderheidstalen te dielen yn oerienstimming mei de Europeeske wearden. It doel wie om de EU oan te rekommandearjen nei te tinken oer syn belied en praktiken op it mêd fan taalbefoardering en -beskerming.

Ut namme fan it Mercator European Research Centre for Multilingualism and Language Learning, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, naam ús kollega Ydwine Scarse diel oan it panel 'Minority language protection in the EU as a citizen’s right: promoting language protection through multilevel governance practices'.

Deifoarsitter wie Sandrina Antunes fan de Universidade do Minho (Portugal). It evenemint waard finansjeel stipe troch it Europeesk Parlemint.

Mear ynformaasje en foto's fan John Schaidler binne te finen op https://ideasforeurope.eu/activity/event/minority-language-protection-the-and-the-right-to-speak-reframing-debate.