Skip to main content

Fryske Akademy/ Mercator yn Frankryk foar de NPLD Konferinsje

Kollega's Jelske Dijkstra en Cor van der Meer binne troch it Europeeske Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) útnûge om op 9 juny it ledekongres yn it Frânske Rennes / Roazhon by te wenjen. It tema fan dit jier is 'Intergenerational Language Transmission in Multilingual Contexts'.

De Fryske Akademy en har kennissintrum foar meartaligens Mercator binne, lykas de Fryske kennisorganisaasjes NHL Stenden University, Afûk en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), al in moai skoft lid fan dit netwurk. De Provinsje Fryslân is ek lid en hat, krekt as de Fryske Akademy/ Mercator, in plak yn de stjoergroep, njonken ûnder oare de oerheden fan Kataloanië, Valencia, Baskelân, Wales en Ierlân. Oare leden binne universiteiten en ûndersyksynstituten út Europeeske minderheidstaalgebieten, lykas Aberystwyth University (UK), it Institute for Occitan Studies (ES), University of Udine (IT) en Partium Christian University (RO).

 

Network to Promote Linguistic Diversity

It Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) is in Europeesk netwurk dat him dwaande hâldt mei taalbelied en -planning foar konstitúsjonele, regionale en lytse steatstalen yn hiel Europa. Leden fan NPLD binne sawol nasjonale as regionale oerheden, universiteiten en organisaasjes dy’t wurkje op it mêd fan taalferskaat en meartaligens yn hiel Europa.

It wichtichste doel fan NPLD is om op Europeesk nivo it bewustwêzen oer de positive aspekten fan taalferskaat te fergrutsjen en om alle talen, nettsjinsteande harren politike status, ôf te skilderjen as in kâns foar de persoanlike, sosjale en ekonomyske ûntwikkeling fan Europa en as in platfoarm foar de útwikseling fan ûnderfinings tusken beliedsmakkers, praktykminsken, ûndersikers en saakkundigen yn hiel Europa.