Skip to main content

Fryske Akademy partner fan ynternasjonale konferinsje TABU Dag

De Fryske Akademy is ien fan de partners fan de jierlikse TABU Dag, in ynternasjonale konferinsje oer linguistyk, neamd nei it taalkundich bulletin fan it Nederlânsk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Twa dagen lang, op 15 en 16 juny 2023, sille tsientallen ûndersikers yn Grins presintaasjes jaan op it mêd fan neurolinguistyk, komputasjonele linguistyk, taalwinning, semantyk, sosjolinguistyk, en oare ûndersykgebieten binnen de linguistyk.

 

Kollega's

Ek op dizze 43e edysje steane ferskate kollega's fan de Fryske Akademy mei harren ûndersykswurk op it programma fan TABU Dag 2023. Ut it ynternasjonale MultiLit projekt wei (Multilectal Literacy in Education) hawwe ús kollega's Evelyn Bosma, Hans Van de Velde en Femke van Seijen meiwurke oan de presintaasje 'Variation in Frisian and Dutch verb clusters: The effect of standard language literacy and ideology'. Wilbert Heeringa hat meiwurke oan it ûndersyk 'Changing regional language speakers populations in the northern Netherlands: Contrasts between the Frisian and Low Saxon language areas'. Beide presintaasje wurde hâlden op tongersdei 15 juny yn it Akademygebou fan Grins. 

Us âld-staazjerinner Alissa Vogel is útnûge om in ûndersyksposter te presintearjen op de TABU Dag 2023. Har ferhaal sil gean oer '#estiktokat as a #breathingspace? – Legitimizing the use of Catalan on TikTok and the implications of a community hashtag'. Har poster is op tongersdei te sjen yn it Harmoniegebou fan de RUG.

It folsleine programma en alle oare ynformaasje is te finen op de website fan TABU Dag 2023.