Skip to main content

Frysker yn trije talen te brûken

Frysker is fernijd. De website mei taalhelpmiddels foar elk dy’t flaterfrij Frysk skriuwe en prate wol, hat njonken in Fryske no ek in Ingelske en Nederlânske interface. Dêrneist is de presintaasje ferbettere en wurket it taalwebsite flugger as ea. De funksje 'Sykje' is oersichtliker wurden en, lykas altyd al, tige de muoite wurdich. ‘Sykje’ jout neist oersettingen ek wiidweidige ynformaasje oer it gebrûk en de foarms fan wurden, mei dúdlike foarbylden.  Neist dizze ferbetteringen wurket de Fryske Akademy der ek oan om it Frysk-Ingelsk wurdboek út 2000 yn de sykfunksje fan Frysker op te nimmen. De ferwachting is dat soks yn  ‘e maitiid fan 2023 syn beslach krije sil.

Alle wiken goed 250 nije wurden
De ynhâld fan Frysker wurdt elke dei bywurke en dêrby wurde gâns nije wurden taheakke út it nije Nederlânsk-Frysk wurdboek dat op it stuit op de Akademy skreaun wurdt. It Nederlânsk-Frysk wurdboek yn Frysker groeit sadwaande alle wiken mei sa’n 250-300 nije wurden.  It ûnderdiel Foarkarswurdlist wurdt ek geregeld útwreide en telt no hast 96.000 wurden.

Frysker.nl is sûnt 2021 online en is de opfolger fan Taalweb. Yn Frysker binne de folgjende troch de Fryske Akademy ûntwikkele ûnderdielen te finen: Foarkarswurdlist foar it Frysk (2015-2022), it Frysk Hânwurdboek (2008, 2016), it Frysk Wurdboek, Nederlânsk-Frysk (1985), en data út it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek (2017-2022). Fierder brûkt Frysker  de LexiconService fan it Instituut voor de Nederlandse Taal út Leien.