Skip to main content

Hoarn tafoege oan HisGIS

It ynformaasjesysteem foar histoaryske geodata HisGIS is útwreide mei it Noard-Hollânske Hoarn, tegearre mei oare parten fan West-Fryslân. Gegevens út it âldste Nederlânske kadaster fan 1832 foar de eardere kadastrale gemeenten Hoarn, Wognum, Blokker, Sweach en Berkhout kinne no op it ynternet rieplachte wurde.

HisGIS Hoorn is ta stân kommen mei stipe fan it Westfries Archief en de Archeologische Dienst fan de gemeente Hoorn. Foar it ôfbeakenjen fan de kaart- en gegevenslagen is útgien fan de tsjintwurdige gemeentegrinzen. Mei elkoar omfettet it ferwurke kadastermateriaal foar Hoarn en omjouwing 43 kadasterkaarten mei yn totaal 12.240 perselen, met likefolle records.

By it ferwurkjen is in soad omtinken jûn oan it georeferearjen mei help fan tige krekt referinsjemateriaal. It stribben wie om foar de 1832-perselearring in ôfwyktoleransje fan op syn heechst 2 meter foar de binnenstêd en 5 meter foar it bûtengebiet ta te stean.

As rasterlaach is in ferskaat oan kaarten te finen yn HisGIS Hoorn. De âldste is de 16de-iuwske kaart fan Hoarn en omjouwing troch Jacob van Deventer. 

Gean nei: