Skip to main content

In 'Moaie' Fryske Top 100

Op 19 febrewaris 2019 wurdt de sjonger-muzikant en lietsjesskriuwer Roel Slofstra fan Rie 80 jier. Slofstra lei yn 1969 – it oare jier dus krekt 50 jier lyn – as ‘oertrûbadoer’ mei syn elpee In spyltuech bin ik de grûnslach foar de Frysktalige lichte muzyk sa’t wy dy no yn allerhanne ferskiningsfoarmen kenne.

Om Slofstra alfêst te earjen en stil te stean by syn grutte fertsjinsten foar de Frysktalige lichte muzyk, hat Beart Oosterhaven, musikografysk meiwurker fan ’e Fryske Akademy, de '“Moaie” Fryske Top 100 2018-2019’ gearstald. It foel Oosterhaven nammentlik op, dat yn ’e Fryske Top 100 sa’t Omrop Fryslân dy alle desimbers op âldjiersdei útstjoert, de lêste jierren alhielendal gjin nûmers fan Roel Slofstra mear te finen binne. En dat, wylst Slofstra de jierren troch mar leafst 13 albums útbrocht hat!

It heechsteande en tige fersoarge wurk fan Roel Slofstra fannijs yn it omtinken bringe, wie dus de twadde reden foar Beart Oosterhaven om in alternative, ‘moaie’ Fryske Top 100 gear te stallen. Yn dy Top 100 wurdt tsien prosint fan ’e lietsjes fertolke troch de Fryske oertrûbadoer sels. De oare 90 lietsjes lizze, wat styl, sfear en oanklaaiïng oanbelanget, min ofte mear yn it ferlingde fan Roel Slofstra syn wurk. Op sa’n wize is in foech stalekaart ûntstien fan wat oft in heale iuw Fryske lichte muzykproduksje (1969-2019) oan moaie útkomsten oplevere hat.

"Der is útsoarte alhielendal gjin beswier tsjin, dat de stimmers foar de ‘gongbere’ Fryske Top 100 2018 fan Omrop Fryslân har de kommende tiid méi ynspirearje litte troch de no ferskynde ‘“Moaie” Fryske Top 100’", seit Beart Oosterhaven.

De "Moaie" Fryske Top 100 is hjir te finen: www.fryske-akademy.nl/moaiefrysketop100

 

Sjoch ek: