Skip to main content

Jûn yn Boalsert oer duorsume suvel

Fryslân is de meast ynnovative suvelregio fan de wrâld. De kaai fan dat súkses leit by de boeren en de suveltechnologen. Harren kunde en organisaasjekrêft joech Fryslân hieltiten wer in foarsprong. Oan de hân fan it ferline, it no en de takomst wurdt sjoen nei hoe’t it stiet mei de ‘Groene Generatie’ op in sympoasium, dat de Fryske Akademy yn ’e âld-suvelstêd Boalsert organisearret op woansdeitejûn 7 maart.

By it sympoasium ‘Groene Generatie?! Underweis nei natuerynklusive suvel’ wurdt sjoen nei de skiednis fan de eardere suvelskoalle yn Boalsert. De Boalserter suvelskoalle sette út ein yn 1889 yn it hert fan de Greidhoeke en waard de widze fan de Fryske kennisekonomy. De skoalle levere generaasjes lang lieders foar de suvelyndustry.

Duorsume itensproduksje
Mei liedende persoanen út de Fryske suvelwrâld fan hjoed-de-dei wurdt foarútsjoen. Sprekkers binne ûnder mear Klaas de Jong, direkteur A-ware Hearrenfean, en Wilco de Jong, foarsitter fan it it Kollektiveberied Fryslân. Hja geane neier yn op de hjoeddeistige en takomstige sitewaasje fan duorsume itensproduksje en hokfoar kennis oft dêrfoar nedich is. De nije – jonge – ‘Groene Generatie’ komt ek oan it wurd: Eke Folkerts (Agraryske Jongerein Fryslân), Kevin de Leeuw (VHL-studint libbensmiddelstechnology) en Sytse Gerritsma (greidboer). Oan de ein folgje reaksjes fan de oerheid, it bedriuwslibben en kennisynstellings. Deputearre Johannes Kramer ljochtet it nije provinsjale lânboubelied ta.

Tagong en opjefte
Meidwaan oan it sympoasium is fergees; opjefte yn it foar is lykwols winsklik. Dat kin fia www.fryske-akademy.nl/groenegeneratie. Dêr is ek it folsleine sympoasiumprogramma te finen.